ajax loader

Ineens spelen er allemaal hippe, scherpe bands op de Dokkumer Admiraliteitsdagen, vrijdagavond. Mede dankzij Jaap van der Velde (20).

Jaap van der Velde is er maar druk mee, met die popmuziek. Straks op Europese tournee met The Homesick: 14 landen, 21 dagen. Met Homesick-man Elias Elgersma zit hij ook nog in Yuko Yuko, en zonder hem in Korfbal. Ooit speelde hij in Exitlight Empire: allemaal frisse talenten uit de bloeiende Dokkumer scene.

Vandaar dat de nieuwe activiteitencommisie van de Admiraliteitsdagen in Dokkum juist hem benaderde om een programma samen te stellen. Het wordt een festivalletje op zich, Alle Hens Aan Dek, in een soort circustent waar zich de rest van de dagen andere dingen afspelen – coverbands en dergelijke.

Anders dan anders

,,Der moast ris wat oars komme, in krekt wat lytser poadium. En dêr moast in jûn komme mei wat nijere, hippere bands. In oar lûd. En ik sjoch in protte bands, fandêr dat se my frege ha.”

Uit die Dokkumer scene komen maar twee bands opdraven: Exitlight Empire en The Homesick. Verder spelen er OOO, een Groninger vrouwenpunktrio, Kinoo, ook uit Groningen, Canshaker Pi uit Amsterdam en Iguana Death Cult en Rats On Rafts, allebei uit Rotterdam. En goede vrienden: Jaap heeft bij beide bands wel eens als invaller gebast, en Leon Harms, drummer bij Yuko Yuko en Korfbal, zit nogal structureel bij Rats On Rafts achter de trommels. ,,Ek al oardel jier.”

Wat hebbend die bands gemeen, behalve een plek in Jaaps contactenlijst? ,,Ik tink dochs wol in spesifyk, skerp gitaarlûd. Fierder net iens safolle, se rinne ek flink útinoar. Miskien sit der wol wat freontsjespolityk, by, mar dit fyn ik de bettere Nederlânske gitaarbands. Ik bin wol benijd hoe’t it publyk derop reagearret. It is krekt wat dissonanter, wat minder normaal as watst op de radio hearst.”

Toevallige scene

Die Dokkumer scene, ach, ,,it binne mar acht oant tsien jonges, dy’t allegearre yn ferskate bands spylje”, zo omschrijft Jaap de gang van zaken. ,,It is wat tafallich. Mar it is wol ideaal dat wy allegearre oefenje kinne by Esker thús”. Dat is Esker van de Werken, die met zijn ouders in het oude gebouw van de sociale werkplaats aan de rand van Dokkum woont. ,,Datst gjin 30 euro per fjouwer oeren te beteljen hoechst, en datst inoars spullen maklik liene kinst. Hiel relaxt en logistyk hiel handich.”

Het hele romantische idee van een scene, zoals in Manchester in de jaren tachtig of ,,eins altyd wol” in New York, dat is in Dokkum toch niet echt aan de orde, vindt Jaap. ,,Wy spylje dêr ek net sa faak, foar The Homesick is dit de earste kear yn twa jier. Eartiids giene wy wol nei Zero, it jongerensintrum. Dêr seach ik myn earste bandjes, en wy organisearren sels wol ris wat yn De Lantaarn. Mar ja, eltse kear sels spylje is ek neat oan. Dêrom is it goed dat wy no dit dwaan kinne, ek mei wat mear budzjet. Kinst wat bands fan fierder fuort hjirhinne helje.”

Opvallende optredens

Jaaps eigen band Korfbal ging ineens verrassend hard, na een goed ontvangen e.p. en een stel opvallende optredens. ,,Us main focus lei op The Homesick en Yuko Yuko. Dan hast in bandsje mei wat oare lju en dat giet dan ynienen ek hiel goed. Dat wie wol efkes in hiel drok jier. Mar wol hiel leuk fansels. Komst op deselde plakken wêrst mei dyn oare bands ek al spile hast. It is hast in sirkel, kinst moai sjen op wat foar punt ast stiest, as band.”

Yuko Yuko gaat straks ook weer werken aan een nieuwe plaat, maar voorlopig gaat The Homesick het hardst. ,,Dêr stekke wy ek de measte tiid yn. Wy ha krekt in plaat út dêr’t wy hiel grutsk op binne en wy dogge dus dy bûtenlânske toer. Yn Nederlân is der foar ús net sa folle te heljen. Wy binne gjin Kensington, dy’t de Ziggodome útferkeapet.”

Al deed de band wel net vorige week twee optredens in het voorprogramma van de bekende Schotse band Franz Ferdinand. ,,Dat ha wy oan Rats On Rafts te tankjen, dat binne freonen.” En er komen een paar optredens in het land aan samen met het herenigde It Dockumer Lokaeltsje, ,,ús favorite band út de Fryske skiednis”.

Utrecht en Dokkum

Intussen zit Jaap (20) in het vierde jaar van de Academie Voor Popcultuur. Hij woont de ene helft van de tijd vlak bij Utrecht, net als drummer Leon Harms – handig voor allerlei projecten aan die kant van het land. Maar hij is ook graag in Dokkum, waar hij en zijn ‘scenegenoten’ niet eens als verschoppelingen en outcasts worden gezien. ,,Myn freonen yn Dokkum ha hiel oare ynteresses as muzyk. Dy fine it leuk wat ik doch, mar ik tink net dat se dy plaat sa faak opsette. Mar is it ek goed en ûntspannen om it ris oer oare dingen te hawwen as oer keunst en muzyk. Dêr hoecht it ek net altiten oer te gean.”

Jacob Haagsma, Leeuwarder Courant
Cultuurredacteur met focus op muziek.